Liet International takom jier yn Deenske stêd Åbenrå

01 aug 2019 - 15:59

Liet International wurdt takom jier hâlden yn Åbenrå yn Denemarken. Dat hat de organisaasje bekend makke. Op 3 april binne tweintich ferskes yn regionale en minderheidstalen te hearren yn in foarronde, tsien dêrfan geane troch nei de finale dy't in dei letter hâlden wurdt.

Stonecrobs wûn Liet yn 2018 - Foto: Albert Jensma, Omrop Fryslân

Der is foar Denemarken keazen fanwege de fiering fan it 100-jierrich bestean fan de grins tusken Denemarken en Dútslân en ek om de 100e jierdei fan de Dútske minderheid yn Noard-Sleeswyk/Denemarken. Dêr wenje sa'n 15.000 minsken dy't by de Dútske minderheid hearre.

Oant 31 oktober 2019 kinne muzikanten út hiel Europa dy't sjonge yn in regionale of minderheidstaal harren opjaan foar it sjongfestival.

Liet International waard foar it earst organisearre yn 2002 yn Ljouwert. Sûnt 2006 reizget it festival troch Europa. Ferline jier wie it ek wer yn Ljouwert.

(advertinsje)
(advertinsje)