Grou fersteviget posysje as klassemintslieder nei silerij by Langwar

01 aug 2019 - 16:00

It skûtsje fan Grou hat it skûsjesilen by Langwar wûn. It wie de earste winst fan it jier foar de klassemintslieder. "We sieten der trije kear hiel tichtby, dus dan is it moai dat it no slagget", sei de winnende skipper Douwe Visser.

It skûtsje fan De Lemmer is twadde wurden. Akkrum waard tredde.

Massaal falsk

De skippers wiene gretich. De earste start wie massaal falsk. De twadde kear kamen Akkrum en Snits goed fuort. Grou wie as earste by de boppeste tonne. Dêrachter wie it drok.

It skûtsje fan De Jouwer easke romte fan Ljouwert, mar dat skûtsje draaide te let. Dêrtroch kaam ek de Heale Moanne yn de problemen.

Ljouwert en De Jouwer lutsen beide de reade protestflagge.

By de folgjende boppetonne kaam De Jouwer op nij yn deselde problemen, doe't de Heale Moanne oer bakboard oansilen kaam. No draaide De Jouwer te let.

Grou koe de hiele wedstriid frij sile. Dêrachter striden De Lemmer en Akkrum om it twadde plak. De Lemmer, dy't yn it algemien klassemint ek op it twadde plak stiet, luts oan it langste ein. Akkrum foel oan, mar kaam der net foarby.

Dêr wer achter striden Hearrenfean en Snits om it fjirde en it fiifde plak. Elke slach wie in oanfal fan Hearrenfean, en elke slach koe Snits dat opfange. Flak foar de finish kamen Huzum en Earnewâld der sels noch foarby. Hearrenfean finishte tagelyk mei Wâldsein.

Alle skûtsjes binne sûnder protestflagge oer de finish kaam.

Finishfolchoarder by Langwar

1 Grou
2 De Lemmer
3 Akkrum
4 Snits
5 Huzum
6 Earnewâld
7 Hearrenfean
8 Wâldsein
9 Heale Moanne
10 Ljouwert
11 De Jouwer
12 Súdwesthoeke
13 Langwar
14 Drachten

Yn it klassemint giet Grou no oan de lieding, mei 7,9 punten. De Lemmer is twadde, mei 9,8 punten.

Klassemint nei Langwar

Totaal nei ôflûk Minste wedstriid
1 Grou 7.9 8
2 De Lemmer 9.8 10
3 Huzum 15 7
4 Earnewâld 17 8
5 It Hearrenfean 17.9 9
6 Akkrum 23 14
7 Snits 25 10
8 De Jouwer 27 13
9 Drachten 32.9 14
10 Heale Moanne 35 11
11 Wâldsein 38 14
12 Ljouwert 38 12
13 Súdwesthoeke 39 14
14 Langwar 50 14
Trefwurden: 
Grou skûtsjesilen SKS Langwar
(advertinsje)
(advertinsje)