Twa wiken sel ûnder betingst om ôfharkapparatuer sûnder fergunning

In Ljouwerter fan 48 jier dy't stikem nei petearen fan personiel fan de finzenis Marwei harke, hat in finzenisstraf fan twa wiken ûnder betingst krigen. Mei in apparaatsje koe er it portofoanferkear fan de Marwei-meiwurkers opfange, mar dêr hie er gjin fergunning foar.
© ANP
De plysje kaam der begjin juny tafallich efter dat de man de sipiers ôfharke. De man wie net goed wurden en nei in melding wie de plysje by de man kaam. Doe't de plysjes op de ambulânse wachten, hearden se sipiers fan de Marwei mei inoar praten oer de portofoan.
De Ljouwerter hie syn apparatuer ôfstimd op de frekwinsje fan de Marwei-portofoans. Hy hie lykwols gjin fergunning foar de apparatuer. De man sei dat er dat net wist. Hy neamde himsels in 'luisteramateur'. Syn apparatuer is yn beslach nommen.