Wurkstraf foar Menamer frou dy't agint yn krús grypte

01 aug 2019 - 14:25

In 53-jierrige frou fan Menaam, dy't ein april in plysjeman bedrige en yn it krús grypte, is tongersdei troch de plysjerjochter feroardiele ta in wurkstraf fan 30 oeren ûnder betingst. De frou moat de agint 300 euro smertejild betelje.

Rjochter - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De frou soarge foar oerlêst by de wente fan in famyljelid yn de Geraniumstrjitte yn Ljouwert. It wie net de earste kear dat de frou konsternaasje feroarsake en it wie bekend dat se psychyske problemen hie. Aginten woene har meinimme nei it buro, sadat in saakkundige fan de GGZ har psychyske tastân beoardielje koe.

Dêr wie de frou it dúdlik net mei iens. Se bedrige ien fan de aginten mei de dea. Dêrnei grypte se de man yn it krús en trape se him tsjin 'e skinen. 'Een vernederende en pijnlijke ervaring' neamde de agint it op de sitting. Fanwege de psychyske tastân fan de frou is se fermindere tarekkenber, oardiele de offisier fan justysje.

Proeftiid

Hy stelde foar de frou skuldich te befinen, mar har gjin straf op te lizzen. De rjochter oardiele lykwols dat de frou, hoewol't se fermindere tarekkenber is, wol deeglik wat te ferwiten falt. "Ze moet weten dat dit absoluut niet kan." Hy keppele de wurkstraf ûnder betingst oan in proeftiid fan trije jier.

(Advertinsje)
(Advertinsje)