Ferdigener Ricardo van Rhijn (28) nei SC Hearrenfean

01 aug 2019 - 14:14

De 28-jierrige Ricardo van Rhijn sil oan de start fan de nije kompetysje útkomme foar SC Hearrenfean. De ferdigener komt transferfrij oer fan AZ en tekenet in kontrakt foar ien seizoen yn Fryslân.

Earder spile Van Rhijn foar Ajax, Club Brugge en AZ. De ferdigener spile 163 wedstriden foar Ajax en waard trije kear lânskampioen. It kontakt tusken Van Rhijn en SC Hearrenfean ûntstie ferline wike. "Voor mij was het direct een serieuze optie", seit Van Rhijn. "Heerenveen was concreet. Na gesprekken met de directeur en de trainer was het gevoel direct goed, van beide kanten."

Van Rhijn kin op ferskate plakken út de fuotten. Rjochts sintraal efteryn en op rjochtsback "Ik richt me vooralsnog op de rechtsbackpositie. Ik ben hartstikke blij dat ik hier het komende jaar deel uitmaak van de club en van de groep. Ik kan niet wachten om te beginnen."

Hamstra ek bliid

"We wilden onze selectie graag nog verder versterken", seit technysk manager Gerry Hamstra fan SC Hearrenfean. "Ricardo is een zeer ervaren speler die wedstrijden op het allerhoogste niveau gespeeld heeft en diverse prijzen heeft gewonnen. Met zijn kwaliteiten en ervaring kan hij zowel centraal achterin als op de rechtervleugel uit de voeten. We zijn blij dat hij ervoor heeft gekozen om het komende seizoen bij ons te voetballen."

Ricardo van Rhijn (links) - Foto: Omrop Fryslân, Jeroen Boersma
(advertinsje)
(advertinsje)