Himpkwekerij oprôle yn Oentsjerk

01 aug 2019 - 14:10

Boargemaster Jeroen Gebben fan Tytsjerksteradiel hat tongersdei in wente yn Oentsjerk sletten, omdat dêr in himpkwekerij oantroffen waard. Doe't de plysje it hûs yn gie, stjitten se op hûnderten wytplanten en byhearrende apparatuer.

Foto: Pixabay

Dêrneist wie der sprake fan it ôftaapjen fan stroom. "Mei dizze sluting litte wy sjen dat drugsoerlêst net tolerearre wurdt yn us gemeente", seit Gebben.

Drugsbelied

De regels foar it (soft)drugsbelied binne ein foarich jier oanskerpe yn noardeast-Fryslân. Mei it nije belied kinne boargemasters wenten slute as der sprake is fan drugshannel.

(advertinsje)
(advertinsje)