FIDEO: Skûtsjes sile trijehoeksbaan op Langwarder Wielen

It wetter by Langwar is de wedstriidarena op de fiifde dei fan it skûtsjesilen. It thússkûtsje stiet oant no ta stiif achteroan yn it klassemint. Langwar is noch net fierder kaam as in alfde plak. Kin skipper Jaap Zwaga dat op it eigen wetter ferbetterje?
De wedstriid is hjir live te sjen.
Der stiet in moai koeltsje op de Langwarder Wielen. Neffens ferslachjouwer Gjalt de Jong binne de omstannichheden 'perfekt'.
Waarman Piet Paulusma ferwachtet wynkrêft trije of fjouwer, mei útsjitters oant wynkrêft fiif. De wedstriidlieding hat keazen foar in trijehoeksbaan. De start is op it midden fan de mar, en de boppeste tonne leit by it doarp.
© Omrop Fryslân