Kontenerramp soarget foar mear animo as oars by oprêden swalkôffal Noardseestrannen

01 aug 2019 - 18:58

Op Skiermûntseach is tongersdeitemoarn de sande edysje fan de Beach Cleanup Tour begûn mei sa'n 80 frijwilligers. Dêrby wurdt safolle mooglik ôffal fan de Noardseestrannen helle. De toer einiget op 15 augustus yn Zandvoort.

Dit jier stiet plestik sintraal. Passend fansels, sjoen de ramp de MSC Zoe, dêr't ek in soad plestik by yn de natuer bedarre. Boargemaster Ineke van Gent fan Skiermûntseach is bliid mei de help, mar wachtet noch hieltiten op strukturele oplossings foar de problemen mei de MSC Zoe.

Der is noch altyd gjin fergoeding jûn foar de ekstra kosten dy't makke binne. De ôffalbakken by de strânoergongen, dy't yn febrewaris tasein binne, binne der ek noch net. Van Gent oerwaget om dat no sels út te setten.

Ferslachjouwer Remco de Vries op Skiermûntseach

(Advertinsje)
(Advertinsje)