Nederlân begjint mei winst op WK kuorbal yn Súd-Afrika
De Nederlânske seleksje hat tongersdei goede saken dien yn de earste wedstriid op it WK kuorbal yn Súd-Afrika. Yn Durban waard it 41-5 tsjin Nij-Seelân. Yn de Nederlânske seleksje sitte twa Friezen: Erwin Zwart en Marloes Frieswijk. Ek LDODK-spylster Marjolijn Kroon sit yn dy seleksje.
Ek freed en sneon stean der wedstriden foar de Nederlannelers op it programma. Freed spilet TeamNL Korfbal tsjin Katoloanje en sneon komt Nederlân út tsjin Tsjechië. Beide kearen om 13.45 oere.
Foar de tsiende kear wrâldkampioen?
Henk Jan Mulder is coach by de Fryske kuorbalclub LDODK en folget it WK kuorbal mei in soad belangstelling, lykwols op ôfstân. "Nederlân wurdt fansels gewoan wer wrâldkampioen. Dêr kinne we hiel realistysk yn wêze. Nederlân is gewoan de sterkste en de konkurrinsje is de lêste jierren allinnich mar swakker yn stee fan sterker wurden."