Drintske finzenen ferhúzje mooglik nei Ljouwert

01 aug 2019 - 12:31

Twa finzenissen yn it Drintske Veenhuizen sille fan 2021 ôf ferboud wurde, omdat se net mear foldogge oan de easken fan dizze tiid. De finzenen moatte tydlik earne oars ûnderbrocht wurde. Mooglik komme guon fan harren dan nei de finzenis fan Ljouwert.

PI Esserheem yn Veenhuizen - Foto: Google Street View

De finzenissen Esserheem en Norgerhaven sille foar twa jier de doarren slute. De finzenissen binne op dit stuit noch wol feilich, mar net mear takomstbestindich. Mei de renovaasje moatte de gebouwen wer sa'n 25 jier foarút kinne.

Yn elke lokaasje ferbliuwe 240 finzenen, dy't ûnder de renovaasje in oar plak krije moatte sille. In plan soe wêze om harren yn de earste twa jier te ferdielen oer de mearpersoanssellen fan Norgerhaven en PI Ljouwert.

De minder swier befeilige finzenen wurde nei alle gedachten oerbrocht nei de eardere finzenis Groot Bankenbosch, ek yn Veenhuizen. It personiel ferhuzet mei de finzenen mei en sil yn tsjinst bliuwe fan PI Veenhuizen.

Noch net wis

Direkteur fan PI Ljouwert Toon Molleman wol it nijs noch net befêstigje. It leit neffens him wol foar de hân dat finzenissen yn it Noarden elkoar helpe, mar oft de finzenen echt nei Ljouwert komme sille, wurdt pas yn 2021 besletten.

Toon Molleman oer it mooglik opheinen fan finzenen út Drinte

(advertinsje)
(advertinsje)