FF boeren: iepen dagen by boeren yn Gaasterlân

01 aug 2019 - 12:10

Ferskate agraryske ûndernimmingen yn Gaasterlân iepenje yn augustus de doarren ûnder it motto 'ff boeren'. It grutte publyk kin dan sjen hoe't it der op de pleats oan ta giet.

Melkfeehâlder Dirk Anco Albada fan Harich is ien fan de ûndernimmingen dy't meidocht. Hy hat 170 kij en wol dy graach sjen litte oan de besikers. 'Wy binne fansels hartstikke grutsk op ús bedriuw. As agraryske sektor komme wy net altyd like earlik yn it nijs en wy wolle it earlike ferhaal sjen litte.'

Romke Falkena - Foto: Omrop Fryslân

Trije jier lyn wie der ek al in edysje fan FF Boeren. Hynstefokker Romke Falkena dy't in pear hûndert meter fan de Albada's ôf wennet, die doe ek al mei. 'De besikers wiene doe net te tellen, it rûn de hiele dei troch.'

1 augustus is FF boeren yn Harich, 8 augustus yn Murns en Himmelum en op 15 augustus yn Aldemardum. Mear ynformaasje stiet op de webside fan FF Boeren.

(advertinsje)
(advertinsje)