Plysje hâldt flyeraksje foar ynformaasje oer deade Sineeske man

01 aug 2019 - 11:27

De plysje is in flyeraksje begûn om mear ynformaasje te krijen oer de Sineeske man dy't heal july dea fûn waard yn in flat oan de Prof. mr. P.S. Gerbrandywei yn Ljouwert. It resjerzjeteam siket noch hieltyd nei achtergrûnynformaasje oer it slachtoffer.

Woansdei waard bekend dat der in fertochte oanhâlden is yn de saak. It giet om in 25-jierrige man út Ljouwert.

De namme fan it slachtoffer is Rong Kun Liu. Hy soe bekend stien hawwe as in freonlike man, dy't net in soad kontakt hie mei de buert.

Fragen

Omdat it slachtoffer net folle ûnder de minsken kaam, sit de plysje noch mei in tal fragen oer him. Sa wol de plysje graach witte op hokker plakken de man faak kaam, wa't er by him op besite kaam of by wa't er op besite gie, en hokker studinten by him in keamer hierd hawwe.

Dêrneist stiene de ruten fan it appartemint fan it slachtoffer iepen doe't er fûn waard. De plysje is benijd oft dat minsken ek opfallen is. De flyer kin hjir lêzen wurde. Yn de flyer stiet ek in foto fan it slachtoffer.

(advertinsje)
(advertinsje)