Protesten sette klassemint SKS op de kop, Akkrum ferliest twa kear yn tsien minuten

01 aug 2019 - 12:30

De sylried fan de SKS hat it skûtsje fan Earnewâld gelyk jûn yn it heger berop oer de oanfarring by Grou. Dat betsjut dat Akkrum fuortfalt út de top fan it klassemint.

By de oanfarring rekke de gaffel fan Akkrum midstwa.

Neffens de foarstitter fan de sylried hie it skûtsje fan Earnewâld romte krije moatten foar de boei, omdat se it binnenste skip wienen. De sjuery hie dêr gjin rekken mei holden.

Akkrum hat ek it protest ferlern dat De Lemmer yntsjinne hie nei oanlieding fan in bakboard-stjoerboardsitewaasje op it wetter by Terherne. De sjuery koe dêr direkt nei de wedstriid noch gjin útspraak oer dwaan, omdat der in tsjûge oproppen wie dy't al ûnderweis wie nei Langwar.

De Lemmer moast oer bakboard delhâlde foar in groep stjoerboardskippen.

Troch it ferliezen fan beide protesten falt Akkrum werom fan it fjirde nei it achtste plak yn it klassemint, nei it ôflûken fan de minste wedstriid.

Yn it heger berop dat Drachten oantekene hie nei oanlieding fan in protest fan de Súdwesthoeke, hat de sylried bepaald dat de útspraak fan de sjuery oerein bliuwt. De sylried twifelet der net oan dat Drachten genôch romte hân ha soe by de wâl.

Skipper Pieter Meeter fan Akkrum is bot teloarsteld. "We moeten dit eerst een een plekje geven."

Ferslachjouwer Geartsje de Vries wie op it palaver

Trefwurden: 
skûtsjesilen SKS
(advertinsje)
(advertinsje)