Alvestêdeleginde Reinier Paping op besite by âldste man Eelke Bakker

01 aug 2019 - 11:07

Foarige wike waard Eelke Bakker fan Dokkum 109 jier. De jierdei waard wiidweidich fierd en krige ek in soad media-oandacht. Alvestêdeleginde Reinier Paping lies it berjocht oer de âldste man fan de BeNeLux en woe graach by Bakker op 'e kofje om him te lokwinskjen, sa meldt RTV NOF. Ofrûne woansdei reizge de winner fan de meunstertocht fan 1963 ôf nei Dokkum om Bakker de hân te skodzjen.

Foto: Koos Scherjon, RTV NOF

De 88-jierrige Paping is de noch âldst libjende winner fan de Tocht der Tochten. Yn 1963 stie Eelke Bakker mei syn soannen op De Syl yn Dokkum om Paping oan te moedigjen. By de besite fertelde in ynwenner fan Zwolle anekdoates en ferhalen út syn reedrydkarriêre.

By de start wie it -18 graden en waaide der in iiskâlde eastlike wyn. "Zo'n dag komt nooit meer terug natuurlijk, maar ik weet het nog van het begin tot het eind ", sei Paping. Eelke Bakker en syn famylje genieten sichtber fan de bysûndere besite.

(advertinsje)
(advertinsje)