Fryslân is net klear foar komst elektryske auto's

01 aug 2019 - 10:10

De provinsje Fryslân is min taret op de komst fan elektryske auto's. Dat docht bliken út in ynventarisaasje fan ûndersyksburo Over Morgen. Net alle gemeenten skoare like heech op harren netwurk oan iepenbiere laadpeallen. Yn Fryslân binne de bêste foarsjennings foar elektryske auto's te finen op de Waadeilannen.

Skiermûntseach skoart it bêste yn ús provinsje. It eilân stiet op it sânde plak fan alle 355 gemeenten yn Nederlân. Nei Skiermûntseach dogge Skylge en Flylân it it bêste. Dy stean respektyflik op it 38e en 66e plak fan it lân.

Yn it ûndersyk wurdt letten op de oanwêzigens fan laadpeallen yn in gebiet en jout ynsicht yn hoe't gemeenten taret binne op groei fan it oantal elektryske auto's. Foarich jier besleat it Europeesk Parlemint dat elk grut parkearplak by nije of renovearre bedriuwen minstens ien oplaadpunt hawwe moatte.

2025

It ûndersyksburo seach ek nei de ferwachte situaasje yn 2025. Yn dat foarútsjoch sjitte de Waadeilannen omheech op de ranglist. De gemeente Ljouwert sakket lykwols fierder fuort op de list. Oer hiel Nederlân skoare Den Haag, Amsterdam en Rotterdam it bêste.

Top 5 gemeenten yn Fryslân

Posysje yn Fryslân Gemeente Lanlike posysje
1 Skiermûntseach 7
2 Skylge 38
3 Flylân 66
4 Ljouwert 144
5 It Amelân 154

It ûndersyk fan Over Morgen wurdt elk jier hâlden. Ut de ynventarisaasje docht bliken dat benammen de gemeenten yn it Noarden min taret binne op de tanimmende fraach nei elektrysk riden.

Nei ferwachting sil de fraach nei elektrysk riden yn Nederlân de kommende jierren flink tanimme. Alle grutte automerken bringe op koarte termyn elektryske auto's op 'e merk, dêr't 250 kilometer mei riden wurde kin foardat se opnij opladen wurde moatte. Dêrom is it wichtich dat gemeenten genôch laadpeallen hawwe.

(advertinsje)
(advertinsje)