Kollum: "Pride"

01 aug 2019 - 09:27

"It is hjir yn Amsterdam Pride-wike. Dat begûn ôfrûne sneon mei de Pride Walk, in demonstraasje-optocht troch de stêd. Mei 15.000 minsken, ûnder wa iksels, rûnen we fan it homomonumint by de Westertsjerke ôf nei it Vondelpark. In ferskaat oan minderheden út it seksuele aard- en genderspektrum joegen acte de presence. De tocht wie opdroegen oan de Russyske lhbt-aktiviste Yelena Grigoryeva. Sy waard in wike earder fermoarde, neidat se al in skoft deadsbedrigingen krige, fanwege har belutsenens by de Russyske lhbt-beweging.

Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Botte Jellema

Dat is ek in goed perspektyf om ris te sjen nei wêr't it by de Nederlânske Pride no einliks om draait. Want der is in protte krityk. Fan bûten ôf, om't minsken fine dat it hjir yn Nederlân dochs wol klear is mei de homo-emansipaasje. En fan binnen út, omdat lhbt'ers fine dat it in kommersjeel feestje wurden is, mei al dy reklameboaten fan grutte bedriuwen op de jierlikse Canal Parade.

Oer dat earste falt in protte te sizzen; ja, we binne yn Nederlân in hiel ein mei de emansipaasje, mar noch altyd moatte homo's út 'e kast komme, en hetero's net. Nea wurdt der ris oan in hetero frege wannear't se foar it earst wisten dat se hetero wiene. Noch altyd binne 'homo' en 'gay' fan de meast brûkte skelwurden - ik hearde it justerjûn noch roppen troch in jonge op in scooter rjocht foar myn hûs.

Noch altyd ha biseksuelen, lesbiennen, transgenders en al dy oare gender- en aardgroepen te krijen mei stigma's en mei bedoelde en ûnbedoelde fernederingen. En oeh wat binne guon der gau by om te wizen nei ymmigranten as it hjiroer giet. En ja, dêr sit in probleem, mar je soene dochs ris nei josels sjen moatte - eat dat op basis fan de statistiken in goede saak wêze soe. In tip: sjoch op npo.nl even nei de dokumintêre 'Ik ben er geen, ik ken er geen' fan woansdeitejûn, of nei 'Pisnicht, de movie' dy't tongersdei op de telefyzje is.

En it twadde; de Pride is in kommersjeel feestje wurden. Rainbow Capitalism, neame sommigen it, as in bedriuw him sûnder commitment stoart op 'e Pride. Ik fyn dat flau. De opbringst fan bygelyks dy aardige HEMA-shirtsjes fan Victor&Rolf giet wol deeglik nei lhbt-belange-organisaasje COC. Mar sels as dat net it gefal is, dan noch bin ik posityf oer bedriuwen dy't op de Pride-bandwagon springe. Leaver dat se dat dogge, dan hielendal neat. We - ik bin homo - ha alle bûnsgenoaten nedich, en salang't der lhbt'ers yninoar slein wurde of ferkettere wurde, mei fan my elk garaazjebedriuw yn elk doarp in reinbôge-auto foar de doar sette. It is hjir yn Nederlân noch lang net klear.

De flirt fan Forum voor Democratie mei Vladimir Poetin kin ik dan ek net sa goed begripe. Dizze partij sette fan 'e wike in gedrocht fan in stik op har website oer identiteitspolitiek. Yn itselde ferhaal waard sawol steld dat se oe sa foar lhbt'ers binne, mar dat dy lhbt'ers net miene moatte dat se oars binne en op basis dêr fan ek net hoege te rekkenjen op ekstra steun. Dit wylst út alle ûndersiken bliken docht dat lhbt'ers op alle fronten swakker stean as hetero's.

Dus dy saneamde identiteitspolitiek is mear in kwestje fan balâns. It is echt ien fan de meast homofobe stikken dy't ik ea lêzen ha, en snap net dat ien dat anno 2019 yn Nederlân skriuwe kin. Hoe stompsinnich it is, kinst ôflêze oan hoe't it ôfrûn is mei dy twa jonges dy't twa jier lyn yn Arnhem mei in betonskjirre yn inoar slein binne - ik makke der foar RadioDoc in dokumintêre oer, fan herte oanrekommandearje. Fierder de groetnis fan Yelena Grigoryeva, oan dy Poetin-freontsjes fan Forum trouwens.

Krityk is goed, want it skerpet de blik op 'e saak. Lhbt'ers binne net sillich, dat is ek de reden dat dizze wike 'Pride' hjit, grutskens. Mar de bal leit net by ús. De bal leit by de hetero's. We sykje bûnsgenoaten by harren, om't sy mei nochal wat mear binne en de hiele wrâld en it hiele libben bepale. Takom jier is de Rôze Sneon yn Ljouwert. Ik hoopje fan herte dat de hiele provinsje dan sjen lit dat der plak is foar elkenien. En dat de gender en aard fan de oar net wat is om te bespotten, te fernederjen of mei te skellen. Kom oars sneon alfêst mar nei Amsterdam; der is dan in aardich feestje mei in fleurige boattocht yn 'e stêd. Fan herte wolkom!"

(advertinsje)
(advertinsje)