Rêdingsaksje foar Sybrandy's: "Park moat beholden wurde foar it neigeslacht"

01 aug 2019 - 21:05

Undernimmer Sjerp Jaarsma docht in uterste poging om Sybrandy's Speelpark yn Aldemardum te rêden fan de feiling. Jaarsma, eigener fan strânpaviljoen De Hege Gerzen yn Aldemardum, wol alle attraksjes opkeapje en ferpleatse nei syn terrein. "Dit park moat rêden wurde foar it neigeslacht. Ik ha hjir sels as bern faak west, ik ha hjir mei myn eigen bern faak west en ik wol hjir graach ek noch komme mei myn bernsbern."

Rêddingsaksje foar Sybrandy's

It park stiet al sûnt 2013 te keap, mar oant no ta is it Simon Sybrandy en syn soan Rienk net slagge om it fan de hân te dwaan. Dus kaam Sjerp Jaarsma yn aksje.

"Ik tocht dat it wol ferkocht wurde soe. It is in prachtich plakje, in moai lytsskalich park. Ik fyn dat dit yn Gaasterlân bestean bliuwe moat. Oars giet it nei in Eastbloklân en dat soe skande wêze", sa fertelt Jaarsma oer syn plannen.

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Oare potinsjele keapers

Yn april fan dit jier waard bekend dat it attraksjepark definityf syn doarren slute soe. Eins soene de attraksjes op 1 augustus al oanmelden wurde by it feilinghûs, mar krekt dêrfoar melde Jaarsma him. Dat barde sa let, om't der earder noch oare potinsjele keapers wiene.

"Ik koe net mei in crowdfunding of in oare aksje begjinne, as it miskien noch troch in oare partij kocht wurde soe." No hat Jaarsma noch in oantal dagen om genôch jild by elkoar te krijen om de attraksjes op te keapjen.

'Club van 500'

Dat wol er dwaan troch in 'Club van 500' by elkoar te krijen. 500 bedriuwen of partikulieren dy't allegear 500 euro ynlizze. Foar dat jild wurde se ferivige op in boerd mei dêrboppe de tekst 'De redders van Sybrandy's' en krije se elk fiif tagongskaarten foar it libben. Ek krije se dan noch in oantal kaarten foar hiel 2020, om bygelyks út te dielen.

Sjerp Jaarsma

Sjerp Jaarsma by de Sky Ride - Foto: Omrop Fryslân, Jeroen Boersma

Dat moat allegear noch mar slagje, mar Jaarsma sjocht it al hielendal foar him. "We ha in ferburgen fjildsje by De Hege Gerzen, dat no brûkt wurdt as in sport- en boartersterrein. Dat moat dan brûkt wurde foar de attraksjes."

Selde gefoel

Fol entûsjasme fertelt Jaarsma oer de trochgonkjes dy't er oanlizze sil tusken de beammen en de terraskes dy't der komme moatte. It park komt tsjin it strân oan, mar krijt in eigen yngong. It park moat itselde gefoel oproppe as dat it altyd dien hat. "Ik wol alle attraksjes meinimme nei dit plak. It moat net sa wêze dat minsken aanst dingen misse!"

It Sybrandy's Speelpark is in begryp yn Fryslân. Yn 1964 iepene it park de doarren as fûgeltsjespark. Dy namme is noch altyd populêr by in soad minsken, mar der is al jierren gjin fûgel mear te finen. Stadichoan waard it park omboud ta attraksjepark. Tsjintwurdich stiet it bekend as it goedkeapste park fan Nederlân.

(Advertinsje)
(Advertinsje)