Foar tredde dei op rige kontenerbrân yn Drachten

De brânwacht waard tongersdeitemoarn op 'e nij oproppen foar in kontenerbrân yn Drachten. Dit kear wie it raak oan de Bergleane. Dêr wie in papierkontener yn 'e brân stutsen. It is al foar de tredde dei op rige dat der sprake is fan brân yn in kontener yn Drachten.
© De Vries Media
De brân waard opmurken troch in man dy't del fytste. By de brân kaam in soad reek frij. De plysje wie earder teplak as de brânwacht en begûn alfêst mei it útmeitsjen fan it fjoer mei in brândwêster.
Hoe't de brân ûntstean koe, is net bekend, mar brânstichting wurdt net útsletten. By it plysjeûndersyk waard in fjoeroanstekker fûn.