Kapasiteit Ljouwerter finzenis wurdt útwreide mei 36 plakken

01 aug 2019 - 07:00

De kapasiteit fan de Ljouwerter finzenis wurdt dit jier útwreide fan 248 nei 284 detinearden. De ekstra kapasiteit wurdt realisearre troch yn de sellen dy't dêr geskikt foar binne twa manlju ûnder te bringen. De kapasiteit fan de ôfdieling mei ekstra soarchfoarsjennings foar detinearden mei psychyske problemen wurdt boppedat ferdûbele fan 12 oant 24 plakken.

De finzenis wurdt op dit stuit yngreven renovearre: de flieren wurde fernijd, de sellen krije nije húskes en ek alle slotten yn it gebou wurde ferfongen. Om dy renovaasje mooglik te meitsjen, wurdt elke kear ien fan de fleugels ôfsletten en wurde de detinearden ferdield oer de oare fleugels. Dêrtroch sitte der mear detinearden as oars mei trwa man op ien sel.

De Marwei yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

"Je ziet dat het soms lastig is om mensen samen te plaatsen, omdat dat tot irritaties kan leiden. Dus we moeten heel goed kijken hoe we hier samen elke dag de gemoederen rustig kunnen houden", seit direkteur Toon Molleman. "Je bent wel een stuk van je privacy kwijt", heakket detinearde Arie der oan ta. "Gelukkig mag je wel zelf uitzoeken met wie je op één cel zit."

It kompleks fan de PI Ljouwert fan boppe - Foto: PI Ljouwert

Direkteur Toon Molleman fan PI Ljouwert

Tagelyk mei de útwreiding wurdt ek it rezjym yn de finzenis oanpast. "We proberen intern af te stemmen op de gedetineerden die we binnen krijgen. Dan zien we dat die qua problematiek toch wel wat zwaarder worden de afgelopen jaren", ferfolget Molleman.

"Denk aan psychiatrisch patiënten of met een lichte verstandelijke beperking." Dêrneist sil der in ôfdieling komme mei ekstra oandacht foar de 'swierdere gefallen', detinearden dy't bygelyks mear agresje fertoane.

Ekstra wurkoeren

De detinearen sille fan takommend jier ôf 32 oeren yn de wike oan it wurk yn plak fan de 20 oeren no. It idee dêr achter is dat soks goed is foar reyntegraasje fan de detinearren yn de maatskippij nei harren tiid achter de traaljes. Boppedat krije se ek in beskieden fergoeding foar it wurk dat se dogge. Dy fergoeding is op dit stuit fêststeld op 76 sinten. "Dat is niet hoog, ik geef het toe, maar veel gedetineerden hebben het wel nodig om bijvoorbeeld shag te kopen of om een tv-toestel te huren", seit Molleman. "Maar veel gedetineerden vinden het ook gewoon fijn om uit hun cel te zijn."

Om de roasters foar oare aktiviteiten, lykas besites, sport en rekreaasje en oare ôfspraken net yn gefaar te bringen wurde takommend jier ek wurkoeren ynpland op jûntiid en op sneon. "Anders moet je steeds mensen van de arbeid halen, en dat lijkt ons niet echt handig." Der wurdt yn Nederlân yn in pear finzenissen eksperimentearre mei langer wurkwiken foar detinearden. Ljouwert rint foarop yn dizze ûntwikkeling en Molleman is dêr grutsk op. Detinearde Arie is no al oan it wurk by de renovaasje. Tegearre mei in kollega mei hy alle ûntromme sellen leech en skjin meitsje, sadat oanslutend de boufakkers oan it wurk kinne. "Ik vind dit mooi werk. Als ik zulk werk kan doen, vind ik het prima. Maar stickers plakken op flessen shampoo vind ik te saai. Daar leer je ook niks van."

Mear fakatueres

Om alle feroarings yn goeie banen te lieden, hat de PI Ljouwert ek mear meiwurkers minsken nedich. Der binne mei-inoar 19 fakatueres foar befeiligers, penitentiêre ynrjochtingswurkers, wurkbegelieders en in psycholooch. It oanlûken fan de nije meiwurkers begjint gelyk nei de fakânsje yn de foarm fan in spesjale dei om yn de kunde te kommen mei de PI Ljouwert en de minsken dy't dêr wurkje. Minsken dy't it ek nei dy dei noch wat taliket, kinne oanslutend sollisitearje.

Mear ynformaasje oer alle fakatueres en de proseduere stiet op in spesjale website.

Detinearde Arie wurket mei oan de renovaasje fan PI Ljouwert

Sel foar twa man yn de B-fleugel fan de PI Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân

Direkteur Molleman oer it nije wurkrezjym yn de PI Ljouwert

(advertinsje)
(advertinsje)