FIDEO: Utsinnich publyk by huldiging winnend PC-partoer

01 aug 2019 - 00:56

Blommen, bier en de klanken fan We Are The Champions fan Queen: de huldiging fan it partoer fan Marten Bergsma, Hans Wassenaar en Renze Pieter Hiemstra soarge foar in grut feest yn Frjentsjer. Neffens tradysje kiest de Kening fan de PC it plak dêr't it partoer huldige wurdt. Hans Wassenaar út Ljouwert woe it feest lykwols wer yn it keatsbolwurk fan Fryslân fiere.

(Advertinsje)
(Advertinsje)