Brân yn Jelgershûs rap ûnder kontrôle: bewenner wurdt net goed

31 jul 2019 - 22:23

Yn it Jelgerhûs yn Ljouwert is woansdeitejûn koarte tiid brân west. De brânwacht hie de middelbrân lykwols rap ûnder kontrôle. Net allinnich de brânwacht moast yn aksje komme. Ek de ambulânse kaam op it plak fan de brân om help te ferlinen oan ien fan de bewenners, dy't troch de brân net goed wurden wie.

Foto: Jaring Rispens

It Jelgerhûs is ien fan de lokaasjes fan GGZ Friesland. Hoe't de brân krekt ûntstean koe, wurdt noch ûndersocht. Der soe in persoan oanhâlden wêze, mar dat hat de plysje noch net befêstige.

(advertinsje)
(advertinsje)