Man rydt feart yn by Appelskea: auto folslein kopke ûnder

31 jul 2019 - 21:54

In bestjoerder fan in Volvo is woansdeitemiddei mei de skrik frij kaam doe't er mei syn auto yn de feart bedarre by Appelskea. It ûngelok barde oan de Vaart Zuidzijde. De bestjoerder koe op 'e tiid út de auto klimme, dy't folslein kopke ûnder gong. Der kaam hiel wat publyk op it ûngelok ôf.

Foto: Jaring Rispens

Der moasten twa bergers oan te pas komme om de auto wer út it wetter te krijen. Hoe't de man krekt yn it wetter belâne, is noch net dúdlik.

Trefwurden: 
Appelskea auto-ûngelok
(advertinsje)
(advertinsje)