Studint plysje-akademy hâldt winkeldief oan

31 jul 2019 - 21:39

In studint fan de plysje-akademy koe woansdei syn kennis yn de praktyk bringe doe't er tsjûge wie fan winkelstellerij. De studint siet op in terras doe't er seach hoe't in dief út in winkel oan winkelsintrum De Centrale yn Ljouwert kaam. De plysjeman yn oplieding betocht him net en sette fuortendaliks de efterfolging yn.

Arrestaasje - Foto: Shutterstock.com

De stellerij barde krekt nei healwei fiven woansdeitemiddei. De winkeldief waard op 'e die betrape troch in meiwurker fan de winkel en naaide út. Dêrby hie er lykwols net rekkene op de plysjeman yn oplieding, dy't it hiele barren fanôf it terras seach en fuortendaliks yn aksje kaam. By de efterfolging waard de studint holpen troch omstanners. Hy koe sadwaande de 52-jierrige fertochte oanhâlde en hat him oerdroegen oan syn kollega's.

Wat de plysje fan Ljouwert oanbelanget mei de jonge syn staazje wol by harren dwaan.

(advertinsje)
(advertinsje)