Earste PC-winst Marten Bergsma: "De finale wie flaterleas"

31 jul 2019 - 21:16

"De finale wie fantastysk, it wie flaterfleas." Dat sei Marten Bergsma nei syn earste PC-oerwinning woansdeitejûn yn Frjentsjer. Mei syn maten Renze Pieter Hiemstra en Hans Wassenaar wûn Bergsma yn de finale ienfâldich fan favoriten Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Tjisse Steenstra. It waard 5-2 6-4.

Earst PC-winst Marten Bergsma

"As je der dochs binne, dan moatte je it ek goed dwaan", sa grapjage Bergsma nei ôfrin fan de finale. "Yn de finale slagge it allegear, wylst wy yn de earste twa omlopen striemin keatsten."

"Safolle fertrouwen"

Dêrnei gie it lykwols in stik better foar Bergsma, Hiemstra en Wassenaar. "Dêrnei wiene wy top. Ek Renze Pieter en Hans wiene super. Dat jout safolle fertrouwen, dat wy it as team dogge. Wy hawwe hjoed sjen litten dat wy elkenien pakke kinne!"

Renze Pieter Hiemstra nei ôfrin fan de finale

Renze Pieter Hiemstra hie de PC-finale al faker meimakke, mar fynt dizze oerwinning dochs wol hiel bysûnder. "Dat wy dit jier mei sa'n finale ôfslute, dat is echt geweldich", sa sei er.

"Oerwinning ôftwongen"

Hiemstra: "Wy keatsten sûnder flaters. Se meie bliid wêze dat se noch in spul pakt hawwe. Wy hawwe dizze oerwinning ôftwongen. Wy wiene ek echt in team; ik tink dat wy de krêften goed ferdield hawwe."

Foto: Omrop Fryslân
Trefwurden: 
keatsen Frjentsjer PC
(Advertinsje)
(Advertinsje)