Gert-Anne van der Bos: "Ast nei de stân sjochst, ha wy in pak op de bealch hân"

"Ast nei de stân sjochst, ha wy in pak op de bealch hân." Dat sei Gert-Anne van der Bos nei ôfrin fan de PC-finale, dy't er mei 5-2 6-4 ferlear fan Marten Bergsma, Renze Pieter Hiemstra en Hans Wassenaar. "Wy wiene net geweldich, wat wy oars wol binne."
© Omrop Fryslân
Van der Bos wie fan tefoaren de grutte favoryt foar de titel, mar koe dy favoriterol net wiermeitsje. "Wy hiene net folslein de grip op de wedstriid en litte wy earlik wêze: sy keatsten gewoan goed tsjin ús. Wy diene yn it begjin te min en koene de druk net sette. Ik moat ek nei mysels sjen. Myn opslach wie ek net wat er oars wol wie."

"Folgjend jier mar wer"

Nei ôfrin wie der benammen teloarstelling. "Jo wolle alle wedstriden winne en de PC is dêr de moaiste fan. Mar krekt as ferline jier wie it no wer net raak. Ik ha fiif PC's wûn en no fjouwer twadde prizen. Dan folgjend jier mar wer."
© Henk Bootsma

Teloarstelling by Triemstra

Teloarstelling wie der ek by Taeke Triemstra: "Wy hiene better keatse moatten. Sa simpel is dat. Sy wiene ús de baas. Dat is jammer, mar ik kin der net omhinne. Wy ha in moai jier hân, mei in soad prizen, mar dan slagget dit krekt net. Hiel soer, benammen foar Tjisse Steenstra, dy't de finale noch nea wûn."

Striid by Steenstra

Tjisse Steenstra wie de iennige yn it partoer dy't noch net earder in PC-finale wist te winnen. "Dit is in teloarstelling", joech er ta. Mar hy bliuwt striidber. "Ik hâld net earder op as dat ik 'm ha."