Marrit van der Wal ljept nij wrâldrekôr: 18,19 meter

Marrit van der Wal hat woansdei in nij wrâldrekôr fierljeppen op har namme skreaun. Yn Burgum ljepte se as earste frou oer de 18 meter en sette in nij Nederlânsk rekôr fan 18,19 meter op it boerd. "Ik bin super tefreden, dit is fansels fantastysk. Wa wit kin it noch fierder", sei se nei ôfrin nofter.
Marrit van der Wal ljept nij wrâldrekôr: 18,19 meter
Oan it begjin fan dit seizoen makke Van der Wal al bekend dat har doel wie om as earste frou oer de 18 meter te springen. No't dat slagge is, leit se de latte noch wat heger. "Ik sjoch no nei de 19 meter, wa wit sit it der yn."
Thewis Hobma 21.41
Ek foar topklasser Thewis Hobma waard it in geweldige jûn yn Burgum. Syn persoanlik rekôr fan 21.34 m dat er krekt set hie mei it Keningsljeppen waard no alwer út de boeken ljept. De Harnser kaam nei 21.41 meter yn it sânbed en dat nije PR bringt him mei stip op it fijrde plak op de ranglist aller tiden.
Allinnich Jaco de Groot (22.21 m NR), Bart Helmholt (21.64 m FR) en Nard Brandsma (21.54) wienen ea fierder. Oane Galama waard ferline jier Nederlânsk kampioen op deselde skâns yn Burgum mei 21.40 m.
Marrit van der Wal