Hans Wassenaar útroppen ta kening fan de 166ste PC

31 jul 2019 - 20:56

Hans Wassenaar is útroppen ta de kening fan de 166ste PC yn Frjentsjer. Mei Marten Bergsma en Renze Pieter Hiemstra waard er woansdei winner fan de finale. Dêrmei nimt er de keningsbal oer fan Allard Hoekstra, dy't ferline jier útroppen waard ta kening. "Dit is de kroan op de dei. It koe net better."

Hans Wassenaar - Foto: Omrop Fryslân

De nije kening wie nei ôfrin ferrast oer syn titel. Hy wie sels benammen grutsk op teammaat Marten Bergsma. "Hy pakt sa'n soad punten foar ús en is dêrmei sa wichtich." Hy wie mar wat grutsk op syn teammaten. "Wy ha in kalme opslagger, in giftige foarynse en in poerbêste achterynse. Wy hiene al in goed gefoel oer ús kânsen hjoed, mar wy bliuwe graach op de eftergrûn."

Wassenaar wûn al ien kear earder de PC yn 2016 en waard doe ek útroppen ta kening. Besjoch hjir it folsleine ferslach fan de 166ste PC.

Trefwurden: 
keatsen PC kening
(Advertinsje)
(Advertinsje)