Bergsma, Hiemstra en Wassenaar winne de 166e PC yn Frjentsjer

Marten Bergsma, Renze Pieter Hiemstra en Hans Wassenaar hawwe woansdeitejûn de 166e edysje fan de PC wûn. Op it Sjûkelân yn Frjentsjer wiene sy yn de finale ienfâldich mei 5-2 6-4 te sterk foar favoriten Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Tjisse Steenstra. It is foar Bergsma de earste kear dat hy de PC wint.
© Omrop Fryslân
Bergsma-en-dy makken earder rap dien wurk yn de heale finale. Se wûnen mei 5-1 6-6 fan Menno van Zwieten, Kees van der Schoot en Erwin Zijlstra. Ek de partij dêrfoar yn de twadde omloop wie gau klear; it waard 5-2 6-0 tsjin Johannes van der Veen, Sip Jaap Bos en Tsjerk Elsinga.
Yn de earste partij hie it partoer fan Bergsma it yn earste ynstânsje noch dreech, mei 5-3 6-2 tsjin Johan Diertens, Kevin Jordi Hiemstra en Lennart Adema.
Bergsma, Hiemstra en Wassenaar winne de 166e PC yn Frjentsjer
Folgje alles oer dizze edysje fan de PC yn Frjentsjer yn ús liveblog.