Protest skûtsje De Lemmer wurdt pas tongersdei behannele: sjuery siket tsjûge

31 jul 2019 - 19:58

It protest dat skipper Albert Visser fan it skûtsje fan De Lemmer woansdei nei de SKS-wedstriid by Terherne yntsjinne tsjin skipper Pieter Meeter fan it Akkrumer skûtsje, wurdt pas op tongersdei behannele. Dat hat de sjuery bekend makke. De sjuery wol nammentlik earst noch in tsjûge hearre fan it Akkrumer skûtsje. "Dit ha ik noch nea earder meimakke", seit skûtsjefolger Geartsje de Vries.

It skûtsje fan De Lemmer - Foto: SKS

Skipper Pieter Meeter hat woansdei oan de sjuery witte litten dat hy der in tsjûge by ha wol. Mar dy tsjûge is al ûnderweis nei Langwar, dêr't de folgjende SKS-wedstriid is. De sjuery hat dêrom net genôch ynformaasje om in útspraak dwaan te kinnen yn it protest fan De Lemmer tsjin Akkrum.

Noch mear protesten

Njonken it protest fan De Lemmer tsjin it skûtsje fan Akkrum hie skipper Albert Visser ek noch in protest rinnen tsjin it skûtsje fan Drachten. Dat protest hat De Lemmer lykwols yntusken al wer ynlutsen, om't it Drachtster skûtsje de griene flagge lutsen hat. Dat betsjut dat skipper Jeroen Pietersma fan Drachten syn flater tajout en dêrfoar trije ekstra (straf)punten kriget.

Geartsje de Vries leit út hoe't it krekt sit mei it protest fan De Lemmer

(advertinsje)
(advertinsje)