FIDEO: Dreamde finale fan de 166e PC: Gert-Anne van der Bos tsjin Marten Bergsma

31 jul 2019 - 19:08

De finale fan de 166e PC yn Frjentsjer giet woansdeitejûn tusken de partoeren fan Gert-Anne van der Bos en Marten Bergsma. It binne de twa bêste trijetallen fan it haadklasseseizoen by de manlju.

Van der Bos-en-dy wiene as earste klear mei harren heale finale. Sy wûnen mei 5-2 6-4 fan Auke Boomsma, Marten Feenstra en Laas Pieter van Straten.

Twadde heale finale let dien

Fanwegen de drege partij yn de twadde omloop tusken Kingma en Van Zwieten wie de twadde heale finale let dien. Marten Bergsma, Renze Pieter Hiemstra en Hans Wassenaar wûnen dêryn mei 5-1 6-6 fan Menno van Zwieten, Kees van der Schoot en Erwin Zijlstra.

Foto: Orange Pictures

Folgje alles oer dizze edysje fan de PC yn Frjentsjer yn ús liveblog.

(advertinsje)
(advertinsje)