Wetterhoas boppe Waadsee by Skylge

31 jul 2019 - 18:12

It minne waar traktearre oplettende besikers op Skylge woansdeitemiddei op in wetterhoas boppe de Waadsee. Peter van Suijlekom wist de wetterhoas fêst te lizzen en sette de foto op twitter.

Foto: Twitteraccount @oelavans

In wetterhoas is in trechterfoarmige slurf en wurdt feroarsake troch draaiende luchtbewegings. As sa'n slurf it wetter rekket en wetter opsûget, dan wurdt dit ferskynsel in wetterhoas neamd. Wetterhoazen wurde wol faker sjoen op de Noardsee, de Waadsee en de Iselmar.

Trefwurden: 
Waadsee Skylge wetterhoas
(advertinsje)
(advertinsje)