Dit binne de heale finalisten fan de PC 2019

31 jul 2019 - 17:53

Nei in ûnderbrutsen earste omloop fanwegen it minne waar en in relatyf rappe twadde rige fan fjouwer wedstriden, binne op it Sjûkelân yn Frjentsjer de heale finalisten fan de 166e edysje fan de PC bekend.

It partoer fan Gert-Anne van der Bos nimt it op tsjin Auke Boomsma, Marten Feenstra en Laas Pieter van Straten. It partoer fan Marten Bergsma treft yn de oare heale finale Menno van Zwieten, Kees van der Schoot en Erwin Zijlstra.

Van der Bos en Boomsma

Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Tjisse Steenstra wûnen nei in muoisum begjin mei 5-2 6-0 fan Jelle Attema, Gabe-Jan van Popta en Patrick Scheepstra. Sy komme yn de heale finale Boomsma-en-dy tsjin, dy't yn in spannende partij ferrassend ôfrekkenen mei Bauke Triemstra, Dylan Drent en Hendrik Kootstra: 5-4 6-6.

Oan de oare kant fan it skema sitte Marten Bergsma, Renze Pieter Hiemstra en Hans Wassenaar. Sy wûnen yn de twadde omloop mei 5-2 6-0 fan Johannes van der Veen, Sip Jaap Bos en Tsjerk Elsinga.

Bergsma tsjin Van Zwieten

Bergsma-en-dy treffe yn de lêste heale finale Menno van Zwieten, Kees van der Schoot en Erwin Zijlstra. Dat trijetal fersloech noch mar krekt Enno Kingma, Pieter Jan Plat en Sjoerd de Jong: 5-4 6-6.

Folgje alles oer dizze edysje fan de PC yn Frjentsjer yn ús liveblog.

Trefwurden: 
keatsen Frjentsjer PC
(Advertinsje)
(Advertinsje)