Fryslân Fêstlein: "Hiel Burgum kin by ús yn bad"

Fan wettereangst yn Boarnsweach oant in persoanlike oerwinning op It Amelân. Dizze simmer sammelet Omrop Fryslân foar de simmerrige Fryslân Fêstlein de moaiste fakânsjefoto's. Dizze kear binne wy op besite by Gerard van Assen, dy't it grutste iepenloftbad fan Burgum op it hiem hat.
Fryslân Fêstlein It iepenloftbad fan Burgum

It begûn lyts..

Gerard lit fol entûsjasme in foto fan mear as 6 jier lyn sjen. "Sjoch, hjir begûn it mei. Myn nichtsje en ik hiene op in snein it idee om in eigen swimbad te begjinnen. Lytse pakjes hea, in grut seil deromhinne en wat wetter wie al genôch. Wy fûnen it doe al in hiele ûndernimming."

It einiget grut

It bad dat Gerard no hat, is in stik grutter. "Wy sitte no mei syn allen yn in bad fan 15.000 liter", laket Gerard. De opbou is dan ek in hiele operaasje. "Wy begjinne yn april om alles alfêst klear te setten en brekke it bad yn septimber wer ôf."
© Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

Hiel Burgum yn bad

Net allinnich it bad, mar ek de freonegroep fan Gerard is groeid. "Earst wiene wy gewoan wat mei de famylje oan it badderjen, mar no komt hast hiel Burgum", fertelt Gerard mei in knypeach. "Dan freegje se op de app of it iepenloftbad fan Burgum ek iepen is. Fansels is dat sa!"

Nachtswimme

De moaiste oantinkens hat Gerrit oan it nachtswimmen. "Dat ha we hjir ferline jier dien. Wy hienen in tinte opsetten en dûkten der mei syn allen yn. It wetter is dan waarmer as dat it bûten is. Dat is sa noflik!"
Gerard van Assen oer syn foto
'Fryslân Fêstlein'
Hawwe jo ek in bysûndere foto fan in fakânsje yn Fryslân? Lit it ús witte! Stjoer jo foto en ferhaal nei foto@omropfryslan.nl.