Crone slút drugswenning oan Hazelaarstrjitte yn Ljouwert

31 jul 2019 - 17:03

Boargemaster Ferd Crone hat in wenning oan de Hazelaarstrjitte yn Ljouwert slute litten om't der yn de wenning kokaïne fûn is, dy't fanút de wenning ferkocht waard.

Drugs - Foto: Omrop Fryslân

It is al de trettjinde wenning dy't boargemaster Crone dit jier slute lit op grûn fan de saneamde Opiumwet. Dy wet wol de yllegale hannel yn drugs foarkomme.

(Advertinsje)
(Advertinsje)