Skûtsje Hearrenfean wint 'perfekte wedstriid' by Terherne

31 jul 2019 - 16:59

It skûtsje fan Hearrenfean hat de silerij by Terherne wûn. De Feansters wiene goed fuort by de start, en se ha de foarsprong net mear út hannen jûn. Skipper Sytze Brouwer wie út de skroeven. "Wy wolle graach winne, dêrfoar dogge je oan sport."

Hearrenfean waard fantefoaren tipt as kampioenskandidaat, mar behalve in tredde plak op De Feanhoop hiene de Feansters dit jier noch gjin goeie útslach syld.

Tongerbuien en wynstjitten

De start wie op Terherne oardel oere letter as normaal, omdat der min waar foarsein wie, mei tonger en wynstjitten. Om healwei fjouweren wie de loft noch net hielendal skjin, mar it klearre gau op. Healweis de wedstriid hiene meardere skippers de reven der al út lutsen.

"It wie goed te dwaan", sei Sytze Brouwer nei ôfrin. "Oan it begjin hiene we in reefke, mar dat ha we der gau út helle. Dat wie perfekt. Hast altyd druk nedich om snelheid te kreëarjen."

Yn it earste krúrsak wie der al in ynsidint. Klassemintslieder De Lemmer kaam oer stjoerboard op in groep bakboardskippen oansilen, mar krige gjin foarrang. Skipper Albert Visser stjoerde der achter del, mar luts wol de protestflagge.

It wie net de dei fan de Lemsters. By de ûnderste tonne kamen se opnij yn de problemen. Se woene by Ljouwert binnentroch, mar dat paste net.

De Lemsters draaiden in rûntsje, en moasten hielendal achteroan slute.

De wedstriid wie net hiel spannend. Nei de earste tonne wie de folchoarder wol bepaald. De organisaasje hie leaver in oare baan útlein, mar fanwege de waarsomstannichheden doarden se dat net oan. Gybjen soe te gefaarlik wêze mei de hurde wyn.

It skûtsje fan Grou waard twadde. Foar de tredde kear dit kampioenskip kaam Grou oan de ein hieltyd tichter by de oerwinning, mar de wedstriid duorre net lang genôch om Hearrenfean noch yn te heljen.

De Lemmer kaam oer de finish mei in protestflagge. En Drachten hie in griene flagge yn it want. Dat betsjut dat se in straf akseptearje fan trije punten.

Finishfolchoarder by Terherne

1 Hearrenfean
2 Grou
3 Earnewâld
4 Huzum
5 De Jouwer
6 Ljouwert
7 Snits
8 Akkrum
9 Heale Moanne
10 Drachten (mei 3 ekstra punten)
11 De Lemmer (protest tsjin Akkrum)
12 Wâldsein
13 Súdwesthoeke
14 Langwar

Protest

It protest fan it skûtsje fan De Lemmer tsjin Akkrum wurdt tongersdei pas behannele. Dat komt om't de sjuery noch prate wol mei in tsjûge fan it Akkrumer skûtsje. Dêrtroch bliuwe sawol de dei-útslach fan de silery by Terherne as it tuskenklassemint sa't se no binne.

Trefwurden: 
skûtsjesilen Terherne SKS
(Advertinsje)
(Advertinsje)