Bettere help foar thúswenjende âlderen mei psychyske problemen

31 jul 2019 - 16:53

Ferskate Fryske soarch- en wolwêzenorganisaasjes bûge har oer de bêste soarch foar thúswenjende âlderen mei psychyske problemen. It giet om Noorderbreedte, Thuiszorg Het Friese Land, Van Andel Ouderenpsychiatrie, Amaryllis, Huisartsenpraktijk Aldlân, ROS Friesland en NHL Stenden Hogeschool. Dêrby krije se subsydzje fan ZonMw.

Foto: Noorderbreedte

Yn it projekt 'Samenwerken voor ouderen met psychische problemen' wurkje de organisaasje mei-inoar oan de bêste soarch en stipe foar âldere minsken dy't psychyske problemen hawwe, mar noch wol thús wenje. It projekt rjochtet him yn earsten op âldere bewenners yn de Ljouwerter wyk Aldlân.

Lektor Gea van Dijk

Undersiker Gea van Dijk is de karlûker. Van Dijk is as lektor sawol ferbûn oan soarchorganisaasje Noorderbreedte as oan NHL Stenden Hogeschool.

(advertinsje)
(advertinsje)