Trije plakken mei negatyf swimadvys fanwegen minne wetterkwaliteit

Yn Fryslân binne der op dit stuit trije plakken dêr't in negatyf swimadvys jildt. Dat binne de Leijen by de Rottefalle, swim- en surfsintrum Balk en de Aldegeaster Brekken by Aldegea. Op alle trije plakken is de kwaliteit fan it wetter ûnfoldwaande. Dat komt ûnder oaren omdat der blau-alch yn it wetter sit.
Pompeblêden, blau-alch, smoarch wetter, alch © Omrop Fryslân Oane Hoekstra
Op nochris seis oare plakken jilde warskôgingen, bygelyks foar it swimplak by Earnewâld en by De Ulesprong. De Fryske Utfieringstsjinst Miljeu en Omjouwing, de FUMO, hâldt de kwaliteit fan it swimwetter yn de gaten. Op www.zwemwater.nl is in oersjoch te finen.