Rommere iepeningstiden foar brêge Burgumerdaam om feilichheid te ferbetterjen

31 jul 2019 - 16:15

De betsjinningstiden fan de brêge Burgumerdaam yn de farrûte De Lemmer-Delfzijl wurde ferromme. Rykswettersteat docht dat om de feilichheid by de brêge te ferbetterjen. It komt no foar dat der plezierboaten foar de brêge lizze te wachtsjen en dêrby de beropsfeart hinderje.

Foto: Rykswettersteat

Om dat foar te wêzen, wurdt de brêge fan 1 augustus ôf betsjinne fan seis oere moarns oant acht oere jûns. Sneins is dat fan njoggen oere ôf. Troch de tiden fan de brêge Burgumerdaam oan te passen krije de brêgen op de farrûte De Lemmer-Delfzijl ek mear gelikense betsjinningstiden.

Jan Jozef Dalstra fan Rykswettersteat oer de brêge

(advertinsje)
(advertinsje)