Vivianne Miedema yn de race foar titel 'Bêste spylster fan de wrâld'

Fuotbalster Vivianne Miedema is nominearre foar de titel 'Bêste spylster fan de wrâld' troch wrâldfuotbalbûn FIFA. It is de twadde kear dat de âld-spylster fan SC Hearrenfean yn de race is foar de prestisjeuze priis. Ek yn 2017 stie se al op de list fan kânshawwers, mar doe wûn Lieke Martens.
© ANP Foto
Miedema stiet op de list fanwegen har goeie prestaasjes by it WK fuotbal yn Frankryk. Nederlân ferlear úteinlik de finale mei 2-0 fan Amearika en einige as twadde. Miedema skoarde trije kear op it WK. Boppedat waard se dit seizoen kampioen fan Ingelân mei har ploech Arsenal.

Fûle konkurrinsje

Njonken Miedema binne ek de Amerikaanse fuotbalsters Megan Rapinoe en Alex Morgan en de Frânske oanfierder Amandine Henry kânshawwers foar de titel.