Gjin grutte ferrassingen nei ûnderbrutsen earste omloop fan de PC

31 jul 2019 - 15:28

De earste omloop fan de 166e PC yn Frjentsjer hat woansdei gjin grutte ferrassingen opsmiten. Topfavoriten Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Tjisse Steenstra begûnen as in spear en wûnen úteinlik mei 5-2 6-2 fan it partoer fan André van Dellen, Bauke Dijkstra en Jouke Bosje.

Foto: Omrop Fryslân

Ek Marten Bergsma, Renze Pieter Hiemstra en Hans Wassenaar binne troch nei de twadde omloop. Sy fersloegen Johan Diertens, Kevin Jordi Hiemstra en Lennart Adema mei 5-3 6-2, mar hiene yn it begjin wol muoite.

Winners foarich jier ûnderút

Twa fan de winners fan foarich jier moasten al yn de earste omloop belies jaan. Allard Hoekstra en Thomas van Zuiden, dy't foarich jier ferrassend de PC wûnen, ferlearen mei Jelte-Pieter Dijkstra fan Auke Boomsma, Marten Feenstra en Laas Pieter van Straten: 5-2 6-6.

Oare partoeren dy't troch binne nei de twadde omloop, binne: Jelle Attema, Gabe-Jan van Popta en Patrick Scheepstra; Bauke Triemstra, Dylan Drent en Hendrik Kootstra; Johannes van der Veen, Sip Jaap Bos en Tsjerk Elsinga; Enno Kingma, Pieter Jan Plat en Sjoerd de Jong; Menno van Swieten, Kees van der Schoot en Erwin Zijlstra.

De earste omloop waard tusken 13.30 oere en 15.00 oere stillein fanwegen it minne waar.

Folgje alles oer dizze edysje fan de PC yn Frjentsjer yn ús liveblog.

Foto: Omrop Fryslân
Trefwurden: 
keatsen Frjentsjer PC
(Advertinsje)
(Advertinsje)