Frou op e-bike rekket ferwûne nei botsing yn Oerterp

31 jul 2019 - 15:27

Op de Hegebrechtsterleane yn Oerterp is woansdeitemoarn in frou op in elektryske fyts ferwûne rekke. De frou ried op it fytspaad, mar krige gjin foarrang fan in autobestjoerder. In oanriding wie it gefolch.

Foto: De Vries Media

De frou is mei de ambulânse oerbrocht nei it sikehûs. Sawol de fyts as de auto binne skansearre rekke by it ûngelok.

(advertinsje)
(advertinsje)