Brânwacht Ternaard en Dokkum yn aksje foar lytse bermbrân

De brânwacht fan Ternaard en Dokkum moasten woansdeitemiddei yn aksje komme foar in lytse bermbrân oan de Nesserwei yn Ternaard. Om't de brânwacht fan Ternaard op dat stuit gjin befelfierder hie, moasten ek de kollega's fan Dokkum útride.
© De Vries Media
De bermbrân koe úteinlik mei twa hegedrukspuiten útmakke wurde. Hoe't de bermbrân ûntstean koe, is noch net wis.