Man besiket servicebaly fan stasjon Ljouwert te oerfallen mei in briefke

31 jul 2019 - 14:42

In 51-jierrige man sûnder fêst wenplak hat woansdeitemiddei besocht de servicebaly op it stasjon yn Ljouwert te oerfallen. De man kaam rûn tsjin tolven nei de baly en easke jild. Dat die er net mei in wapen, mar yn de foarm fan in briefke. Doe't de balymeiwurker de alaarmknop yndrukte, naaide de man út.

Foto: Jaring Rispens

De plysje koe de fertochte op basis fan it sinjalemint al rap oanhâlde en hat him meinaam nei it plysjeburo foar fierder ûndersyk.

Trefwurden: 
oerfal stasjon Ljouwert
(advertinsje)
(advertinsje)