Aginten dy't skeaten by deadlik ynsidint Nijhoarne net ferfolge

31 jul 2019 - 14:18

De Ryksresjerzje hat ûndersyk dien nei it sjitynsidint yn Nijhoarne fan 17 jannewaris fan dit jier. In 50-jierrige ynwenner fan it doarp besocht himsels doe tekoart te dwaan. Dêrby is der troch de plysje meardere kearen sketten.

Foto: Jaring Rispens

De plysje waard 17 jannewaris warskôge dat der sprake wie fan in akute situaasje wêrby't in ynwenner fan it doarp help nedich hie. De man woe himsels tekoart dwaan. Doe't de plysje oankaam om help te ferlienen, ried de man op harren yn.

Ien plysjeman bedarre ûnder de auto en rekke ferwûne. De aginten wiene dêrom needsake op de man en syn auto te sjitten. De wapens fan de plysje-aginten binne yn beslach naam en ûndersocht.

Foto: CAMJO Media

De trije belutsen plysje-aginten binne troch de Ryksresjerzje ûnderfrege oer de situaasje en oer it gebrûk fan harren fjoerwapens. Ek hawwe se praten mei oare plysje-amtners en in boargertsjûge dy't op it plak fan it ynsidint oanwêzich wiene.

De resultaten fan it ûndersyk binne foarlein oan it Iepenbier Ministearje, dat konkludearre dat de plysje-amtners harren fjoerwapens rjochtmjittich brûkt hawwe. Dêrom sille sy net strafrjochtlik ferfolge wurde.

(advertinsje)
(advertinsje)