FIDEO: Skûtsjes wrakselje mei waarsomstannichheden op Snitser Mar

By it rûtebesprek sei waarman Piet Paulusma al dat it der flink om wei gean soe op de Snitser Mar. Dêrom hat de organisaasje de start mei oardel oere útsteld. Yntusken wurdt der wer syld op de Snitser Mar.
Hjirûnder is de wedstriid rjochtstreeks te sjen.
De organisaasje hat keazen foar in sânglês. By dy rûte hoege de skûtsjes net te gybjen. D6erby komt it grutseil foar de wyn mei in klap nei de oare kant. Mei hurde wyn kin dat gefaarlik wêze.
Yn ferbân mei de PC yn Frjentsjer is it skûtsjesilen allinne online te sjen.