FvD Fryslân stiet 'folslein' achter Baudet en partijbestjoer: "Wy hechtsje oan yntegriteit"

31 jul 2019 - 15:55

Yn it skeel tusken Forum voor Democratie-lieder Thierry Baudet en senator Henk Otten stiet de Fryske steatefraksje 'folslein' achter Baudet en it partijbestjoer. Dat lit fraksjefoarsitter Maarten Goudzwaard witte. "Yntegriteit stiet foar ús foarop. Der mei gjin inkelde twivel bestean oer it net-krekt omgean mei mienskipsjild of jild fan de leden." Goudzwaard fynt it om dy reden dan ek in goeie saak dat it partijbestjoer en partijlieder Baudet besletten hawwe om Otten út de partij te setten.

Foto: Omrop Fryslân

De spanning tusken Otten en Baudet rûn op doe't Otten nei de steateferkiezings mei skerpe krityk op Baudet kaam. Otten fûn Baudet syn taspraak nei de steateferkiezings 'te rjochts en te akademysk'. Mar neffens Goudzwaard giet it skeel tusken de manlju hielendal net oer in polityk ferskil fan ynsjoch. "It giet om ferantwurding en betrouwen, nergens oars om." De oanpak fan it bestjoer hat om dy reden dan ek de folsleine stipe fan de Fryske steatefraksje fan Forum voor Democratie.

Minne peilingen

Troch it minder positive nijs oer Forum voor Democratie buorket de partij achterút yn de peilingen. Otten hat op syn beurt ek stive beskuldigings utere oan it adres fan Baudet. Dy soe net oer krityk kinne en boppedat mei jild fan de partij op fakânsje gien wêze. It partijbestjoer beskuldiget Otten der fan dat er sels jild fan de partij oermakke hawwe soe op de bankrekken fan syn minnares.

Hiddema hâldt him stil

Twadde Keamerlid Theo Hiddema hat him de lêste tiid net utere oer it skeel tusken Baudet en Otten. Hiddema is nammentlik op fakânsje, sa lit partijwurdfierder Christo Ruijs witte.

(advertinsje)
(advertinsje)