Fertochte (25) oanhâlden yn saak deade Sineeske man yn Ljouwert

31 jul 2019 - 13:20

De plysje hat yn it ûndersyk nei de dea fan in 73-jierrige bewenner fan in appartemint oan de prof. mr. P.S. Gerbrandywei yn Ljouwert in fertochte oanhâlden. It giet om in 25-jierrige man út Ljouwert.

Foto: Anton Kappers

Plysjewurdfierder Paul Heidanus

Nei de oanhâlding is der in hûssiking dien op it wenadres fan de oanhâlden fertochte. Yn it ûndersyk is fêststeld dat de fertochte en it slachtoffer inoar koene.

"Wat we van deze verdachte weten, is dat er in ieder geval feiten en omstandigheden zijn die hem verdachte hebben gemaakt. Dat is ook de reden waarom we hem hebben aangehouden", fertelt plysjewurdfierder Paul Heidanus.

Oft de fertochte in keamer hierde by it slachtoffer, kin de plysje ek net sizze. "Het enige wat we kunnen zeggen, is dat is aangetoond dat het slachtoffer door geweld en door een misdrjf om het leven is gebracht. Meer kunnen we niet kwijt, omdat het om unieke informatie gaat. Die willen we bewaren voor het verhoor."

De plysje siket tsjûgen dy't mear witte oer de achtergrûn fan it slachtoffer of ynformaasje hawwe oer de saak. "Langzamerhand hopen we dat we de puzzelstukjes kunnen leggen en dat de puzzel compleet wordt."

(advertinsje)
(advertinsje)