PC stillein fanwege min waar, publyk moat it Sjûkelân ferlitte

31 jul 2019 - 13:25

De belangrykste keatswedstriid fan it jier wurdt stillein fanwege it minne waar. Tusken healwei twaën en trije oere leit de PC stil. Dat hat de kommisje bekendmakke.

"Wy hawwe de situaasje juster al bepraat", fertelt foarsitter Ids Hellinga. "Yn feite is dit gewoan it útfieren fan wat wy juster besletten hawwe. Dit wie ien fan de senario's. Wy hâlde efkes op, en dan gean we om trije oere wer fierder. Wy moatte mar sjen hoe't it fierder komt hjoed. As Piet Paulusma seit dat it wer feilich is, gean wy wer fierder."

De organisaasje meldt dat der ek tonger ferwachte wurdt, en dat minsken dêrom net op de tribunes sitten bliuwe kinne. De sporthal De Trije is ek iepen om minsken op te fangen.

Twadde omloop

De partijen yn de twadde omloop sille dêrom op syn betiidst om 15.00 oere úteinsette.

Folgje alles oer dizze edysje fan de PC yn Frjentsjer yn ús liveblog.

Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets
Trefwurden: 
keatsen Frjentsjer PC
(Advertinsje)
(Advertinsje)