Provinsje stelt bus beskikber oan Fryske delegaasje Canal Pride

31 jul 2019 - 12:28

Takom sneon fart der foar it earst sûnt 2008 wer in Frysk skûtsje mei yn de Canal Parade yn Amsterdam. Foar in part fan de opfarrenden wie yn earste ynstânsje noch gjin ferfier nei Amsterdam. Stichting Promo Gay Leeuwarden publisearre dêrom in needgjalp op sosjale media. Noch gjin dei letter wiene se al út de brân holpen.

Dielnimster oan de Canal Pride past har pompeblêdehoed - Foto: Omrop Fryslân

Deputearre Sietske Poepjes hat witte litten dat de provinsje in bus beskikber stelt. Stichting Promo Gay Leeuwarden fynt dat net ûnreedlik, want it Fryske skûtsje yn de Canal Pride is Fryslân-promoasje en makket boppedat ek al reklame foar de Rôze Sneon dy't yn 2020 yn Ljouwert organisearre wurdt.

Op it skûtsje farre sneon yn totaal sa'n 50 minsken mei. In part fan de delegaasje giet al earder nei Amsterdam om it skûtsje oan te klaaien, mar foar de minsken dy't sneon betiid nei de haadstêd moatte, wie der noch gjin ferfier.

De hoed fan it libbende frijheidsbyld - Foto: Omrop Fryslân

Andries Seefat, fan ProGay Ljouwert, sil foarop it Fryske skûtsje stean as in libbend Frijheidsbyld. Untwerper Moniek Miedema en har twillingsuster Norma sille te sjen wêze as twa fredesdowen mei grutte wjukken.

Frijwilligers fiere in dûns op mei puzelstikjes, dy't mei-inoar in pompeblêd foarmje, mei muzikale begelieding fan in eigen DJ.

(advertinsje)
(advertinsje)