PC-winners fan foarich jier ferlieze yn earste omloop

31 jul 2019 - 12:01

De winners fan de PC fan foarich jier, kening Allard Hoekstra en Thomas van Zuiden, binne woansdeitemoarn mei Jelte-Pieter Dijkstra útskeakele yn de earste omloop. De ferrassingen fan 2018 ferlearen fan Auke Boomsma, Marten Feenstra en Laas Pieter van Straten: 5-2 6-6.

Foarich jier keatsten Peter van Zuiden, Thomas van Zuiden en Allard Hoekstra in geweldige finale tsjin de topfavoriten: Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Tjisse Steenstra. Sy wûnen úteinlik mei 5-5 6-2.

Hoekstra foarich jier kening

Letter waard Hoekstra fan it winnende partoer útroppen ta kening fan de PC. Hy krige de keningsbal út hannen fan de foarsitter fan de Permanente Kommisje.

Woansdei 31 july is de PC de hiele dei live te folgjen by Omrop Fryslân op tv, radio, Omropfryslan.nl en de Omrop-app. De dei set útein om 8.00 oere mei de taspraak fan de PC-foarsitter. Dêrop folgjend, om 9.30 oere, binne de partijen fan de earste oant de lêste slach te folgjen yn ús liveblog. Fan de heale finale ôf (om 15.00 oere) wurdt it keatsen live útstjoerd op tv en yn de livestream op ús webside. Alle útslaggen binne te finen op de programmaside fan it keatsen. Jûns om 18.20 oere wurdt de dei gearfette op tv en is alles werom te finen op Omropfryslan.nl/keatsen.

Peter van Zuiden, Allard Hoekstra en Thomas van Zuiden - Foto: Henk Bootsma
Trefwurden: 
keatsen Frjentsjer PC
(advertinsje)
(advertinsje)